Mulder rapporteur taalminderheid

23 mrt 2006 - 08:42

Deputearre Bertus Mulder is yn Straatsburch oanwiisd ta rapporteur fan regionale taalminderheden yn Europa. Yn de kommisje ha alle 45 lidsteaten fan de Ried fan Europa in sit.

Mulder sil de Ried in rapport foarlizze oer hoe't de Europeeske lidsteaten omgeane mei it beskermjen en fersterkjen fan har taalminderheden. Mulder presintearret syn rapport takom jier op in ynternasjonale konferinsje, dy't mooglik yn Ljouwert hâlden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)