Fertochten oerfal pomp oppakt

22 mrt 2006 - 23:58

De plysje hat in man (18) út Frjentsjer en ien fan 16 út Harns oanhâlden foar de oerfal op in bensinestasjon yn Harns op 7 maart. In man mei in bivakmûtse op bedrige in meiwurkster mei in mes. Trochdat in omwenner him dermei bemuoide, naaide de oerfaller út.

De plysje hat it hûs fan de fertochten trochsocht en dêrby guod fûn dat mooglik stellen is. Beide fertochten sitte fêst en wurde heard troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)