'Agresje nimt ôf troch kamera's'

22 mrt 2006 - 23:58

De agresje by fuotbalsupporters nimt ôf as skiedsrjochters gebrûk meitsje kinne fan kamera's. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 148 Hearrenfeanfans. It ûndersyk is dien troch heechlearaar psychology Nico van Yperen fan de Universiteit fan Grins.

Neffens it ûndersyk soe de agresje ûnder de fans ôfnimme as der bygeliks in kamera is dy't bûtenspul registreart of in kamera dy't sjocht of de bal efter de line is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)