Wâlterswâldster noch langer fêst

22 mrt 2006 - 17:32

De Wâlterswâldster (22) dy 't ferline wike in plysjeman delslein hat, bliuwt noch tritich dagen fêst sitten. It ûndersyk nei de saak is noch net klear.

De man waard mei trije oaren yn 'e auto oanhâlden troch de plysje. Se hiene drank op. De Wâlterswâldster sloech ien fan de beide plysjemanlju bewusteleas. Dêrtroch fielde de kollega him sa bedrige dat er op de fjouwer mannen skeat. De Wâlterswâldster rûn dêrby in skampskot oan de holle op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)