Talintedei Grins op De Westerein

© Omrop Fryslân
FC Grins hat woansdeitemiddei in talintedei organisearre op 'e Westerein. It is foar it earst dat de betelle fuotbalklub sa'n dei bûten de provinsje Grinslân hâldt. Der kamen sa'n 120 bern opôf, ferdield oer D -en E-pupillen. De bern krije de kâns harren te bewizen en troch te gean nei de jeugdoplieding fan FC Grins.
It inisjatyf komt fan Sipke Hulshoff. Hy is trainer by de jeugd fan FC Grins en fuotballet by it earste alvetal.