Nasjonale beamfeestdei

© Omrop Fryslân
In protte skoalbern plantsje woansdei in beam op de nasjonale beamfeestdei. Bern yn Achtkarspelen planten in bysûnder bosk.
By de Hege Bult oan it PM-kanaal by Droegeham waard begûn mei de oanlis fan goed 20 bunder bosk. It giet om in CO-2 kompensaasjebosk. De beammen moatte de útstjit fan dy stoffen wer kompensearje om sa skjinnere lucht te krijen. Hûnderten bern hienen it der mar drok mei.