Froulju ûndernimmend

22 mrt 2006 - 10:28

Hast ien op de trije startende ûndernimmers yn 2005 wie in frou. It giet om njoggenhûndert fan de 2900 bedriuwsbegjinners. Dat docht bliken út sifers fan de Kamer van Koophandel yn Ljouwert. Ut deselde sifers docht ek bliken dat froulju bettere ûndernimmers binne as manlju. It populêrst ûnder de froulju binne fersoargjende aktiviteiten en it begjinnen fan in kapperssaak. Op it tredde plak stiet de detailhannel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)