Frou omkommen by brân Ljouwert

22 mrt 2006 - 10:11

By in wentebrân yn de Wagnerstrjitte yn Ljouwert is tiisdei in frou (76) ferstoarn. Nei alle gedachten is se út de tiid rekke nei in ûngemakje yn de keuken. It slachtoffer wenne mei in oarenien yn it hûs. Dy persoan wie op it tydstip fan de brân net thús.

De brânwacht fan Ljouwert wie oproppen om it fjoer te blussen. Doe't de brân út wie, waard de frou fûn. De technyske resjerzje ûndersiket de saak. De famylje krijt begelieding oanbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)