Cambuur: kachel noch net út

© Omrop Fryslân
De kachel is noch net út, sei ien fan de fjouwer ynvestearders nei ôfrin fan it oerlis oer de takomst van Cambuur. Se hawwe mei de gemeente Ljouwert oerlein oer de club en moatte no earst mei de achterban prate en dingen ûnderling beprate. De fjouwer neamden it oerlis wol 'konstruktyf'.
Nei alle gedachten giet it oerlis tongersdei fierder. It wurd is no oan wethâlder Krol, fine Sleijfer, Riedstra, Hoekstra en Buwalda.