'Podolski' spielt oan op Amelân

21 mrt 2006 - 17:28

De Dútse fuotbalynternational Lukas Podolski (20) is op dit stuit populêr op It Amelân. De ôfrûne dagen binne dêr tsientallen poppen mei syn namme en uterlik oanspield. Podolski is spits by FC-Köln en stiet bekend as ien fan de grutste fuotbaltalinten yn Dútslân. Hy moat it Dútse idoal wurde by it kommende WK yn Dútslân.

Dirk Visser fan rykswettersteat hat al fjouwer poppen fan de spiler fûn. De poppen soene fan alles kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)