De Harkema: foarearst gjin Aldi

© Omrop Fryslân
Op de Harkema liket gjin romte te wêzen foar in twadde supermerk, sa blykt út ûndersyk fan de gemeente Achtkarspelen. B en W wolle it leafst de besteande Poiesz-supermerk nei it nije winkelsintrum ferpleatse. Mar Pleatslik Belang en de ûndernimmersferiening wolle in nije Aldi yn it doarp hawwe.
Dochs wol de gemeente Achtkarspelen in twadde supermerk net útslute yn it bestimmingsplan foar it nije winkelgebiet.