Untslaggen driigje by Vos

© Omrop Fryslân
By transportbedriuw Vos Logistics yn Surhústerfean driigje tsientallen ûntslaggen. No sneon praat fakbûn FNV mei it personiel oer de takomst fan it bedriuw.
Desimber ferline jier wie der in wylde staking by Vos. De sjauffeurs wienen doe ûntefreden oer it sosjale belied en de ynset fan kollega's út lege-leane-lannen yn East-Europa. Neffens Wieke Berends fan fakbûn FNV giet it noch altyd net goed by Vos.