Harns krijt der rêdingsboat by

21 mrt 2006 - 16:07

De frijwilligers fan de KNRM yn Harns krije der in rêdingsboat by. It giet om de Javazee dy't troch de KNRM yn IJmuiden út de feart nommen wurdt. De Javazee waard de ôfrûne jierren brûkt as reserveboat.

Omdat it om de lêste rêdingsboat mei in skroef giet, waard it foar de frijwilligers hieltyd lestiger om it skip te bestjoeren. It skip sil troch de frijwilligers yn Harns brûkt wurde foar PR en opliedings-aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)