Wetterskip set wynmûnen yn

21 mrt 2006 - 15:35

Frijwilligers op mear as tweintich âlde wynmûnen sille Wetterskip Fryslân helpe om it wetter oan 'e goeie kant fan de dyk te hâlden.

Ofpraat is dat dizze poldermûnen allinnich ynset wurde by de bestriding fan ekstreme wetteroerlêst. Twa jier lyn barde dat al op lytse skaal. Nei oanlieding dêrfan is ûndersyk dien. Neffens wurdfierder Gerben de Jong fan Wetterskip Fryslân is de ynset fan âlde wynmûnen gjin swaktebod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)