'Earder wente foar GGZ-pasjint'

© Omrop Fryslân
Pasjinten fan de GGZ-Fryslân Noard moatte makliker in hierwente krije kinne. De GGZ hat dêrfoar in ôfspraak makke mei de wenningstifting Optimaal en de gemeente Frjentsjerteradiel.
It kin hiel dreech wêze om út in ynstelling wei mei begelieding wer selstannich te wenjen. De gearwurking moat liede ta bettere begelieding fan de eks-pasjinten. De kâns is lytser dat it selstannich wenjen mislearret.