'Mear leeftydsdiskriminaasje'

© Omrop Fryslân
Friezen kleie hieltyd mear oer leeftydsdiskriminaasje by wurk, sa makket diskriminaasjemeldpunt Tûmba bekend. Ferline jier waard der njoggen klachten yntsjinne, mear as twa kear safolle as yn 2004. Twa jier ferlyn is in ferbod op leeftydsdiskriminaasje by arbeid ynfierd.
It totaaltal klachten is de lêste jierren frij stabyl: om de 110 hinne. By seis op de tsien gefallen wie echt sprake fan diskriminaasje yn 2005.