Asbest by brân Wolvegea
By in brân yn Wolvegea is tiisdeitemoarn asbest frijkommen. Oan de Kerkstraat baarnde in hok mei in grutte partij stookhout folslein út. Ek in njonkenlizzend hok en in garaazje hawwe skea oprûn.
Der wurdt noch ûndersocht oft ek asbest yn de omjouwing delkommen is. Foar de wissichheid binne inkelde túntjes ôfset. Trije blusgroepen fan de brânwacht yn Wolvegea hawwe it fjoer bestriden.