Stoflik omskot út Iselmar helle

© Omrop Fryslân
By de Seedyk by Molkwar hawwe plysje en brânwacht tiisdeitemoarn in stoflik omskot út it wetter helle. It lichem driuwde 30 meter út de kust. Dûkers fan de brânwacht fan Harns en Snits wiene ek oproppen..
De plysje kin fierder noch gjin meidielings dwaan oer de saak. Ferline wike sloech op 'e Iselmar in skipper fan in binnenfeartskip oerboard, mar dy waard deselde deis noch fûn.