Auto fia beam yn foartún

© Omrop Fryslân
Op de Singel yn Jobbegea is moandei in auto tsjin in beam riden en dêrnei yn in foartún bedarre. De bestjoerder, in frou fan 35 jier út Jobbegea, is mei de ambulânse nei it sikenhûs op It Hearrenfean brocht, mar mocht nei behanneling wer nei hûs. Har auto rûn in protte skea op.
De frou hat neffens de plysje in stjoerflater makke. Se kaam mei de rjochterbannen yn de berm telâne en koe dat net mear bystjoere.