Frysk Jeugdorkest yn finale

© Omrop Fryslân
It Frysk Jeugdorkest hat snein yn Den Haach de finale berikt yn it nasjonale konkoers foar jeugdorkesten. Yn totaal diene fjirtjin orkesten mei oan it konkoers. In sjuery ûnder lieding fan Emmy Verhey wie fol lof oer de jonge Fryske muzikanten.
It Frysk Jeugdorkest makket no kâns om op 23 april yn de Rotterdamske Doelen as it bêste jeugdsymfony-orkest fan Nederlân útkeazen te wurden. Se moat it opnimme tsjin trije oare jeugdorkesten.