Heechljeppers Lionitas dupearre

20 mrt 2006 - 17:33

De tsien polstôkheechspringers fan atletykferiening Lionitas yn Ljouwert kinne de kommende moanne net traine. By in brân is sneontejûn it matras dêr't de springers op delkomme folslein ferlern gien. It matras wurdt beskerme troch in mei golfplaten oerkape romte dêr't de brân mooglik oanstutsen is.

De skea wurdt rûsd op goed 15 tûzen euro. Eigner fan it atletykkompleks is de gemeente Ljouwert. De gemeente sil dan ek foar de kosten opdraaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)