Snits wint fan De Jouwer

20 mrt 2006 - 14:01

De Fryske twastriid yn de sneins haadklasse tusken De Jouwer en Snits is wûn troch Snits mei 4-2. Yn in spektakulêre wedstriid op 'e Jouwer namen de Snitsers foar it skoft in 3-1 foarsprong.

Nei 90 minuten stie der 2-4 op it skoareboerd. Grutte man by Snits wie Age Hains Boersma, hy skoarde trije kear. Boersma stapt takom seizoen oer nei it betelle fuotbal. Hy spilet dan foar de Sportclub Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)