Brantsje by Lionitas

© Omrop Fryslân
De brânwacht moast sneontejûn yn Ljouwert yn aksje komme by atletykferiening Lionitas oan de Bordinewei. Unbekenden hiene dêr in mêst en in opfangmatras by it heechspringen yn de brân stutsen.
Der is net in soad skea ûntstien. De brânwacht hie it fjoer binnen in kertier út. Om op it terrein te kommen, moasten de brânwachtlju in stik fan it stek stikkenknippe. De plysje docht fierder ûndersyk nei de brânstifting.