Biblioteek Bûtenpost opknapt
In opknapbeurt fan de biblioteek yn Bûtenpost wurdt betelle mei de ferkeap fan de biblioteek op 'e Harkema. Dat filiaal slút oan 'e ein fan it jier.
It filiaal yn Bûtenpost hat driuwend ferlet fan in nije ynrjochting. Sûnt 1982 wie der neat mear oan dien. It kostet 85.000 euro om de biblioteek wer by de tiid te bringen. De Harkema krijt útlienpunten foar de jeugd yn de basisskoallen en it pjutteboartersplak.