Achtkarspelen krijt bosk

20 mrt 2006 - 10:38

Staatsbosbeheer leit in grut bosk oan yn Achtkarspelen. It bosk is bedoeld as kompensaasje foar de keap fan twatûzen auto's troch it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. It ministearje hat in part fan syn auto's ferfongen.

It is it earste bosk yn syn soart yn Nederlân. It moat de útstjit fan CO2 gassen troch de 2000 auto's kompenseare lykas ôfsprutsen yn it Japanske Kyoto-protokol. Der wurde 100 tûzen beammen en 50 tûzen boskjes plante.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)