Amateur-astronoom fan de ieu

20 mrt 2006 - 09:47

Hans Noordmans fan Snits is juster útroppen ta Fryske amateur-astronoom fan de tweintichste ieu. Dat barde by it 60-jierrich jubileum fan de ôfdieling Fryslân fan de Keninklike Nederlânske feriening foar Waar- en stjerrekunde.

Noordmans is ûntwerper en bouwer fan bysûndere astronomyske oerwurken en ynstruminten. Hy waard ek bekend troch de fakkundige restauraasje fan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)