Protest tsjin hierbelied Dekker

© Omrop Fryslân
De hierdersferiening Harns hâldt ein maart in protestbyienkomst tsjin it hierbelied fan minister Dekker fan VROM. It nije belied hâldt yn dat de hieren frijjûn wurde en fan 2007 ekstra omheech meie. Hierders binne benaud dat hûzen dan net mear te beteljen binne.
De hierdersferiening Harns komt yn aksje tsjin de plannen fan Dekker. Op de protestbyienkomst giet ûnder oare in wurdfierder fan de Nederlandse Woonbond yn op de plannen fan de minister.