Ljipaai fûn yn Brabân

19 mrt 2006 - 14:53

It earste ljipaai fan Nederlân is sneontemoarn fûn yn Brabân. It aai lei yn in maisfjild krekt bûten Beek en Donk. De finer hat him melden by it lanlik meldpunt ljipaai Vanellus Vanellus.

Kontroleurs fan dat meldpunt ha sein dat it yndie om in ljipaai giet. De finer hat it aai nei alle gedachten net meinaam, omdat soks ferbean is. Allinne yn Fryslân is der in ûntheffing om ljipaaien mei te nimmen út it lân wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)