Brûns foar judoka Klopstra
Judoka Nynke Klopstra hat yn it Letse Tallinn brûns wûn yn de kategory oant 48 kg. Yn de earste ronde fan it wrâldbekertoernoai ferlear sy op ippon fan de lettere winneres, de Wyt-Russyske Lesjsjenka.
Fia de herkânsingsronde wist Klopstra tredde te wurden. Nei in jier fol mei blessuereleed wie dit foar Klopstra wer it earste A-toernoai nei lange tiid.