Argiven Tresoar op ynternet

© Omrop Fryslân
In grut part fan de histoaryske argiven fan Fryslân steane mei koarten op in nije ynternetside. De side is opset troch de Fryske Akademy en Tresoar, en der komme ferskate standaard- en neislachwurken oer de Fryske kultuur- en literatuurskiednis op te stean. De namme fan de nije side wurdt Wumkes.nl nei de bibliotekaris fan de eardere Provinsjale Bibliotheek dy't ferskate neislachwurken skreaun hat.