Mear kontrôle yn bou

© Omrop Fryslân
De bousektor yn Fryslân, Grinslân en Drinte kin him de kommende moannen opmeitsje foar stevige kontroles. Ferskate tsjinsten kontroleare de sektor op yllegaal wurk, belestingûntdûking en útkearingsfraude.
Fan nije wike ôf geane kontroleurs by bouplakken del. Se ha spesjaal omtinken foar izerflechters en ôfbouwers. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de bou yn Noard-Nederlân de meast fraudegefoelige sektor is.