Kredytbanken wolle oare oanpak

18 mrt 2006 - 16:41

De kredytbanken wolle in oare oanpak by minsken dy't yn de skulden sitte. Dat moat foarkomme dat minsken net holpen wurde. No is it sa dat 35 persint fan de minsken dy't oankloppe foar skuldhelpferliening gjin help krije. Dy foldogge net oan de easken.

Dat moat oars, fynt de Nederlânske feriening foar folkskredyt. It betsjut lykwols net dat de banken soepeler wurde by skuldsanearingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)