Wettersteuring yn West-Fryslân

© Omrop Fryslân
San'n 3500 húshâldens yn de hoeke Boalsert-Makkum-Wytmarsum ha sneontemoarn in skoft sûnder weter sitten. Betiid yn de moarn wie der gjin wetter mear, fanwege in steuring yn in pomp by Spannenburg.
Gewoanwei krijt wetterbedriuw Vitens dêr fuortendaliks in melding fan fia de kompjoeter, mar ek dy hie maleur. Dêrtoch duorre it eefkes foardat it probleem opspoard en oplost wie. Yn de rin fan de moarn hie elts wer wetter.