PvdA siket wethâlders

© Omrop Fryslân
De Partij van de Arbeid siket yn ferskate Fryske gemeenten fia advertinsjes yn de krante minsken dy't wethâlder wurde wolle. De gemeenten Ljouwert en It Bilt binne foarbylden fan gemeenten dêr't de PvdA minsken opropt te reagearjen.
It gewestlik bestjoer fan de partij fynt dat dizze wervingsmethoade prima past yn de hjoeddeiske polityk dêr't de wethâlder los fan de fraksje yn de gemeenteried operearret.