Van der Duim wer yn heale finale

17 mrt 2006 - 17:57

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea hat de heale finale helle fan it ATP-future toernoai yn it Sineeske Guangzhou. De 18-jierrige spiler wûn yn de kwartfinale fan Rong Ma mei 6-4, 3-6 en 6-3.

It is foar Van der Duim it tredde future toernoai dêr't hy oan meidocht. Ferline wike helle hy de finale. Troch it heljen fan de heale finale komt hy no yn de buert fan 'e earste seishûndert plakken op de ATP-ranking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)