Jas Titus Brandsma yn museum

© Omrop Fryslân
It Titus Brandsma Museum yn Boalsert presintearret takom wike tiisdei in relyk fan Titus Brandsma. It giet om in oant no ta ûnbekende oerjas, dy't yn de jierren tweintich fan de foarige ieu makke is troch in kleanmakker út Boalsert. De jas hat in ynteressante skiednis, seit foarsitter Tsjebbe de Jong fan it Titus Brandsma Museum.
Dy skiednis sil tagelyk mei de jas takom wike tiisdei bekend makke wurde.