'Minder gemeenten Súdwesthoeke'

© Omrop Fryslân
De Súdwesthoeke kin ta mei minder gemeenten en boargemasters. Dat sei boargemaster Brok fan Snits tongersdei by de ynstallaasje fan de nije gemeenterie. Neffens Brok is it aanst net mear nedich dat alle gemeenten har eigen gemeentesiktarissen en direkteuren ha. Amtlike organisaasjes soene yn elkoar skood wurde kinne.
Allinnich sa kinne gemeentes ek yn 'e takomst har tsjinstferliening oerein hâlde, mient Brok.