Dokkumer krijt seis bonnen

17 mrt 2006 - 16:52

In Dokkumer (27) hat tongersdei yn Lauwerseach seis bekeuringen krigen. Hy ried te hurd en hie gjin riem om, dus dat smiet twa bonnen op. Dêr wie er sa lilk oer, dat er sûnder riem lûd toeterjend fuortried. Hy waard wer oanhâlden en krige wer twa bekeuringen. De Dokkumer ferskuorde dy, smiet se op de grûn en ried wer lûd toeterjend fuort. Resultaat: twa bonnen.

Ien foar it meitsjen fan te folle leven en foar it smiten fan ôffal op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)