'Gjin nije plannen Boarnsterhim'

17 mrt 2006 - 15:22

Yn Boarnsterhim ûnderhannelje de PvdA, it CDA en de FNP fierder oer de foarming fan in nij kolleezje. As it mei dizze trije partijen net slagget, dan praat de PvdA fierder mei allinnich it CDA of de FNP. Ynformateur Jan de Vries hat dat foarsteld nei in ynfentarisaasje.

It nije kolleezje moat foaral al earder nommen besluten útfiere en net tefolle nije plannen betinke, sa sizze alle partijen tsjin de ynformateur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)