Kamera's oan yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is tongersdei offisjeel begûn mei kameratefersjoch op twa plakken yn de binnenstêd. De kamera's hingje yn de Grote Hoogstraat en de Doelesteeg. Der wurdt filme fan 10 oere jûns oant 6 oere moarns. It giet foarearst om in proef fan in jier. Tagelyk wie ek de start fan de kampanje ''Uitgaan.. hou het leuk''.
De kampanje èn de kamera's moatte it útgeansgeweld tsjingean en de stappers moatte har feiliger fiele op de dyk.