Frachttreinen ride yllegaal

17 mrt 2006 - 14:36
Foto: Omrop Fryslân

De frachttreinen dy't al moannelang op it trajekt Ljouwert - Grins ride, meie dêr hielendal net ride. Spoardykbehearder ProRail hat net de fereaske prosedueres folge. De gemeente Tytsjerksteradiel is dêrachter kaam nei klachten fan ynwenners fan Tytsjerk en doarpsbelangen.

De gemeente hat it ministearje fan VROM no om maatregels frege. Foaral omdat der yn de frachttreinen ek gefaarlike stoffen ferfierd wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)