Aris ferliest yn Rotterdam

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha tongersdei mei 77-69 ferlern fan Rotterdam. En dêrmei is de lêste lytse kâns op de play-offs allinnich noch teory. De ploech fan trainer André Roorda moat de kommende seis wedstriden winne wylst de konkurrinsje alles ferlieze moat.
Aris wûn ferline wike sneon noch ferrassend fan Nijmegen. Dat joech hope foar tongersdei. In persoanlike fout fan Michael Kingma foarme yn Rotterdam it brekpunt yn 'e wedstriid.