Adonis miskien út Drachten wei

© Omrop Fryslân
Acrogymferieniging Adonis driget út Drachten wei te gean. De feriening traint no yn de sporthal oan de Splitting, mar dy foldocht net. De hal is te lyts en der leit gjin goeie flier yn. Neffens de feriening binne der tal fan oare moochlikheden, mar wol de gemeente net meiwurkje. De iennichste oare opsje is dan om te ferhúzjen nei sportstêd Hearrenfean.
Yn juny dogge ferskate leden mei oan it Wrâldkampioenskip yn Portugal.