Liemburg offisjeel werbeneamd
Johanneke Liemburg is ek de kommende seis jier de boargemaster fan Littenseradiel. Dat is tongersdei bekendmakke nei de ynstallaasje fan de nije riedsleden fan Littenseradiel. De ried hie yn novimber al sein graach troch te wollen mei boargemaster Liemburg.
Mei in kenninklik beslút is har beneaming foar noch ris seis jier offisjeel in feit.