Twa ferwûnen by ûngelok Elsloo

17 mrt 2006 - 11:33

By in ûngelok yn Elsloo binne tongersdei twa minsken ferwûne rekke. In frou út Wolvegea ried op de Peperstrjitte yn in bocht rjochtút. Dat kaam neffens har omdat har stjoer net goed mear wurke. Se kaam frontaal yn botsing mei in auto dy't har yn de mjitte kaam. De bestjoerster dêrfan, in frou út Elsloo, rekke ferwûne, krekt as de frou út Wolvegea. Se binne beide nei it sikehûs op it Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)