Gebouwen AZC bliuwe langer

17 mrt 2006 - 10:54

De gebouwen fan it asylsikerssintrum yn Frjentsjer meie in heal jier langer stean bliuwe as earst ôfpraat wie. Dat hat de gemeente Frjentsjerteradiel tasein oan it COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers. It COA wol graach wat langer tiid ha om in keaper te finen foar de barakken. It AZC stiet leech sûnt desimber. It terrein moast ynearsten yn maaie oplevere wurde, dat is no ein fan it jier wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)