Mear oanhâldings sjitpartij

© Omrop Fryslân
Nei oanliding fan de sjitpartij yn Wâlterswâld yn de nacht fan woansdei op tongersdei binne tongersdeitemiddei noch twa fertochten oanholden. Twa oare fertochten wiene tongersdeitemoarn betiid yn Jistrum al oppakt.
De fertochten binne allegear ynwenners fan de gemeente Dantumadiel. Trije hawwe de leeftyd fan 19 jier en ien persoan is 22 jier. De sjitpartij ûntstie nei dat twa plysjeminsken in auto oan de Foarwei oanholden.