Yn twa jier HBO melkfeehâldery

© Omrop Fryslân
Op de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert sil yn septimber in koarte HBO-oplieding melkfeehâlderij te folgjen wêze. It is dêrmei de ienichste agraryske Hegeskoalle yn Nederlân dy't sa'n ferkoarte oplieding jaan mei. Steatssektaris Rutte fan Underwiis hat dat tongersdei bekend makke.
De oplieding is bedoeld foar studinten dy't melkfeehâlder wurde wolle, mar de 'gewoane' fjouwer jier duorjende oplieding te lang fine.