Leukmodel.nl rint stoarm

© Omrop Fryslân
It rint stoarm op de nije website www.leukmodel.nl fan 'e Drachtster fotograaf Anne Bekkema. Wa't model wurde wol of gewoan moaie foto's meitsje litte wol kin foar in lyts bedrach telâne by Bekkema. De moaiste foto's komme op de website. Besikers fan dy site kinne op de models stimme.
De kin no sûnt in wike stimd wurde. Yn dy wike hat de site al 100.000 besikers hân. Der binne ek krityske reaksjes, benammen op de linzjery-foto's.