Brok ynformateur yn Snits

16 mrt 2006 - 23:11

Boargemaster Brok fan Snits wurdt ynformateur, om ta in nij kolleezje te kommen yn syn gemeente. De listlûkers fan de riedsfraksjes ha him dêrfoar frege.

Brok giet der derby fanút dat it him frij stiet om ek mei oare partijen om tafel te gean as de PvdA en it CDA, de hjoeddeiske kolleezjepartijen. PvdA en CDA binne noch altyd de grutsten yn de gemeenteried, mar de ferhâldingen binne wol oars wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)